It Fryske Gea

“Apen en bearen”, reportaazjes oer in survival yn in natoergebiet van It Fryske Gea

5-7-2010
"Kin de moderne minsk noch oerlibje yn de Fryske natoer?" freget Buro de Vries him ôf. Ferslachjouwers Annelies van der Goot en Karen Bies nimme de proef op de som: “Trije dagen ‘outdoor’ libje is dé manier om út te sykjen oft wy ús rêde kinne yn it fryske gea. Ite en drinke fan wat de natoer ús biedt. We nimme net folle mei, it belangrykste is in tintsje, in sliepsek, in angel en in bûsmes.”

It ferslach fan dit aventoer en de tarieding dêrop, is te hearren by Buro de Vries yn tsien ôfleveringen. Omrop Fryslân radio, FM 92.2, Buro de Vries, fanôf 4 july elke snein tusken 11 en 13 oere.
Sjoch ek op de website www.omropfryslan.nl
Naar boven