Vacatures
It bestjoer fan It Fryske Gea siket, fanwegen kommende fakatueres, kandidaten foar de Ferieningsried. Foar leden fan de ferieningsried is in profylskets (sjoch dizze link) opsteld. Yn dit dokumint wurdt beskreaun hokker aspekten fan belang binne foar in lid fan de Ferieningsried. De profylskets kin ek opfrege wurde by it sekretariaat fan It Fryske Gea te Olterterp.
Wolle jo yn de beneaming komme foar dizze funksje en op dizze wize ynfolling jaan oan jo belutsenheid foar de beskerming fan natuer, lânskip en kultuerhistoarje yn Fryslân? Lit dit dan skriftlik witte (mei motivaasje en CV). Reaksjes oan it Bestjoer fan It Fryske Gea, Postbus 3, 9244 ZN De Sweach. Foar oanfoljende ynformaasje kin kontakt wurde opnoam mei de foarsitter fia it sekretariaat.

