Product
Libellen in Fryslân
Omschrijving
Friestalig boek over de libellen in Fryslân
De bistegroep fan de libellen is ryk oan kleur en foarm en Fryslân is tige ryk oan libellesoarten. Libellen te sjen en besykje se te fotografearjen, tichter- tichterby, oant libbensgryt, sûnder de bisten en harren biotoop geweld oan te dwaan, is in nije kânsrike hobby yn de natoer. Yn dit boek docht de skriuwer saakkundisch en entûsjast ferslach fan syn syktochten nei libellen yn Fryslân. It befettet gjin opsomming fan de 56 Fryske libellen yn in folchoarder neffens de besteande yndieling. De tekst hâldt mear de seizoenen yn de gaten as de wittenskiplike yndieling. It is dan ek net bedoeld as determinearboek, mar as in aventoereboek oer dizze bisten mei feiten én emoasjes.






