Zoeken pictogram Contact pictogram Favorieten pictogram 0 Webshop pictogram 0 Menu pictogram

Voor iedereen die van de Friese natuur houdt

Fryske natuerramp (column Douwe Kootstra)

Dúdlikheid is alles yn ús wrâld fol gaos. In protte groepen yn ús mienskip lykwols ha gjin ferlet fan dúdlikheid. Se hâlde it graach low profile; wat stiller, wat better. Nim de banken en oare multinationals. Dy ha mar ien belang: jildlik gewin, safolle mooglik. Net opfalle, jo dingen dwaan; de ierde en syn bewenners maksimaal útbuitsje.

Politike partijen hâlde ek net fan dúdlikheid. Groanise foarbylden binne it CDA en de VVD. Al jierren hâlde se glêde ferhalen oer duorsumens en in griene takomst mar ûndertusken is it foaral útstelle, op ’e remme traapje. Lânbou (CDA) en bedriuwslibben (VVD) krije altyd foarrang. Op lanlik nivo is dat goed te sjen by de oanpak fan de klimaatproblematyk. No ’t de kniper op de CO2-skine komt, hingje se yn ’e kont as in ezel dy’t de salamifabryk rûkt. Se wolle net bewege, net feroarje want dat soe de belangen fan de achterbannen oantaaste.

Yn Fryslân is it krektsa. Wylst it jild yn streamen oer de drompels fan it provinsjehûs rint, hat it CDA, grif yn oparbeidzjen mei de VVD, besluten de budzjetten foar de oankeap fan natuerterreinen te befriezen. En omdat de lytskes SP en FNP oanskowe mochten as kolleezjepartijen, en dus, krekt as de VVD, braaf oan it hantsje stappe fan de slûchslimme Sander de Rouwe syn almachtige CDA, komt fan natuerbelied amper wat op ’e hispel. Konklúzje: dit kolleezje is in natuerramp. Deputearre Jehannes Kramer (FNP) slacht by ferskillende gelegenheden alinea’s grien praat út, mar krijt net folle struktureels fan ’e grûn. SP en FNP profilearren harren foar de ferkiezings as griene partijen mar doarre yn dit kolleezje net mei de fûst op tafel te slaan. Under ynfloed fan it plús binne se ferkleure ta skiere piipmûskes.

Misse wy de PvdA miskien? Nee! Fjouwer jier Samson-Rutte hat oantoand dat it natuer- en miljeubelied dêr net better fan wurdt. Wy kinne tanksij de PvdA no mei 130 km yn ’e oere troch Nederlân skeure. En dat is mar ien foarbyld fan in hiel rychje anti-griene maatregels.

Okee, jo moatte yn in koalysje kompromissen slute mar yn sa’n proses sneuvelje steefêst de belangrykste natuer- en miljeubelangen, seker as CDA en VVD oanskowe.

Op 20 maart 2019 binne der ferkiezings foar de steaten. Yn de wiken dêrfoar stroffelje ik op de meast ûnferwachte plakken wer oer totaal ûnbekende smile-smitende (kandidaat-) steateleden, dy’t ynienen kontakt ha wolle mei de achterban. Tagelyk meitsje se fan de gelegenheid gebrûk om te fertellen hoe grien, duorsum en ‘pro-grutto’ se wol net binne. Ferfolgens dûke se fjouwer jier kompleet ûnder yn in kliemske fergader- en kommisjekultuer, folslein lam lein troch fraksje- en koalysjedissipline.

Op it provinsjehûs waait dus in stevige anti-natuerwyn. Dêrom – ik kin gjin oare konklúzje lûke – is It Fryske Gea begûn mei de crowdfundingsaksje ‘Red de weidevogel’. Fan de opbringst wol It Gea grûn oankeapje om dêr greidefûgelreservaten fan te meitsjen. De oerheid ûntrint syn ferantwurdlikheid: wer betellet de boarger.

Douwe Kootstra

Nieuwsbrief

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.
Volg ons ook op:
Favorieten pictogram Webshop pictogram Chat pictogram Contact pictogram Lid worden
Onze website maakt gebruik van cookies en daarmee vergelijkbare technieken. Klik op 'Ik ga akkoord' om toestemming te geven voor het plaatsen van cookies. Lees meer over cookies