Us jongesjieren op ‘e Riid en de Sierdswiel

Landschapselementen vertellen het verhaal en de geschiedenis van het landschap. Ze zijn logischerwijs verbonden met de lokale omstandigheden van klei, veen en zand. It Fryske Gea beheert niet alleen natuurwaarden in het landschap, maar houdt ook rekening met deze cultuurhistorische waarden. Kaarten, oude stukken, archieven en verhalen van mensen leveren soms bijzondere informatie op. Een mooi voorbeeld is de bijdrage van Jaap van der Wal uit Gytsjerk. In prachtig Fries schrijft hij beeldend over zijn herinneringen aan het landschap van zijn jeugd. ‘Us jongesjieren op ’e Riid en de Sierdswiel, ûnder Gytsjerk’ luidt zijn verhaal over het landschap ten zuiden van het dorp. De vele details die in het stuk staan zijn vaak terug te vinden op historische kaarten en soms zelfs nog in het huidige landschap.

Ik hear it ús heit noch sizzen: “foar tsjuster wer thús hear jonges!” It wie op in moaie winterdei mei sterk iis yn ‘e 50er jieren fan de foarige ieuw, doe wy útein setten, op redens; rjochting Warten wie it doel. Opbine op ‘e Opslach by it breafabriek, rjochtsôf de Riid oer, nei ‘It Set’. De barten wiene der al ôflutsen, want it wie ommers sterk iis! “Moast der ris sjen”, sei myn twillingbroer Sipke, “san grut wek mei allegear fûgels!”
Foar ús lei de Sierdswiel mei in grut ‘einewek’ yn ‘e midden. Wy der hinne fansels; it wie sterk iis en goed fertroud. Der sieten ferskate fûgels mei de poaten fêst oan de râne fan it grutte wek. Foarsichtich ha wy mei in lange stôk en plat op ‘e búk in stik as acht fûgels los krigen. It wiene seachbekken (grote zaagbekken). Fansels kamen wy folle letter yn Warten oan, mar de middeis wine wy wol wer op ‘e tiid thús, sa as wy ús heit beloofd hiene!

Nei de winter yn ‘e betiede maitiid, flochten myn broer Sipke en ik einekoeren fan strie mei ‘leaf reit’ (droege grien reit) en setten in pear koerkes út yn ‘e Riid, oan ‘e súdkant tsjin de reidpoel oan. De earste pear aaien waarden meinaam fansels en dernei lieten wy de ein briede.

Doe it wer maitiid waard koene wy ús wer mei de skou op it wetter fermeitsje. Oan ‘e eastkant fan de Riid lei in eilântsje (it eilântsje fan Grutte Bonne). Bonne Antonides, want sa wie syn echte namme, wie lytsboer yn Gytsjerk en helle yn dy tiid ek de ierpelskylen op by de minsken oan hûs, foar it fé op ‘e stâl. It eilântsje op ‘e Riid waard brûkt as healân en wy mochten Grutte Bonne wolris helpe mei de hearispinge by ‘t simmer. Mei in grutte houten pream waard dan it hea ophelle. Wy holpen wol mei om it hea by inoar to swyljen en yn ‘e pream to laden. As beleaning krigen wy dan op it eilânstje brea mei spek en kâlde thé; dat foel der tige yn fansels.

Grutte Bonne is alris to wetter rekke, sa wol it ferhaal, doe hy de pream wer werom farde nei it oanlizplak achter it bûterfabriek. Healwei de tocht treau hy de pream mei in kloet (vaarboom) ûnder him sels wei en rekke doe te wetter. Op in dikke toppe hea bleau hy doe driuwen wylst de boat fjieder farde, sa waard der sein!

Simmerdei mochten wy ek wol mei de boerewein mei nei de Binnemiede om mei to helpen mei it ‘kantswyljen’ mei de rieuwe; meastal de sleatkanten. As wy ús nocht hiene, folden wy ús klompen mei wetter út ‘e sleat en geaten de mûzegotten yn it keale lân dan fol wetter; nei yn pear klompen wetter krûpen de mûzen dan omheech en stoden alle kanten út; wat hiene wy as kwajonges dan in wille!

Oan ‘e eastkant fan de Riid wie in koloanje blaustirnzen (zwarte stern), san 10 oant 14 pearkes hiene der in driuwend nêst op ‘e ielstikels (krabbescheer), meastal mei trije aaien der yn. Hjoed de dei binne se der al lang net mear, wylst it gebied no troch it Fryske Gea goed beskerme wurd!

Yn’e polder ‘De Warren’ oan ‘e súdkant fan de Riid, sochten wy maitiids ljipaaien en ek skriesaaien fansels, want dat mocht doe noch! Yn juni kamen wy ek noch wolris yn it fjild; dan hiene de fiskdieven (visdiefjes) en de kobben (kokmeeuwen) dêr aaien; ik wit noch skoan dat dy fûgels út de loft wy dûkten en ús op ‘e holle pikten! Ek dizze fûgels binne der no net mear! Oan de noardkant fan ‘e Riid stie in spinnekopmoune; die hearde by de pleats fan Jelle en Saakje de Boer, (‘Buitenrust’ neamd) oan ‘e Singel te Gytsjerk. Age de Boer, een broer fan Jelle de Boer, hie syn fiskersark (fûken en stokken en netten), yn ‘e moune. Ik wit noch wol dat de útskoat fan ‘e mûne dy’t útkaam op ‘e Riid, ek wol befiske waard mei in skeakel (in net mei driuwkoarken boppe oan en leadkralen ûnder oan it net, oan de boaiem ta). Mei twa man yn in skou waard dan de fisk opjage troch mei in lange stôk as pols yn it wetter om te slaan, rjochting it net. De skeakel siet dan groatfol fisk; meastal dikke blei (brasem) en mûdhûn (zeelt). Us heit kaam ek wolris thús mei in ‘baksoatsje fisk’; ús mem makke der dan ‘gehaktbollen’ fan; der waard in bytsje jittik troch dien en bôlekrûmels as beskút, fermong mei it fiskfleis; dan waard it bakt fansels. Yn ‘e oarlochstiid en dêr nei wie alles lekker. En jo seagen net op in lyts bonkje! As bêrn sochten wy op ‘e Riid ek wol poepeaaien (fan ‘e markol / meerkoet). Fan hûs út namen wy dan in grienteblikje mei en in bytsje sâlt. Op’e moundyk wurden trije stokken de grûn yn treauwn en it grienteblikje mei wetter en aaien ophong. Dan in fjiurke meitsje mei dôve prikken en droech reid, wie gjin toer fansels; it fjiurke under it blikje mei de poepeaaien soarge foar de rest en de aaien wienen gau searn! Wy fûnen dizze aaien folle lekkerder dan thús in hinneaai, want dat moast op in stikje bôle (sa in aai op ite diene jo net!).

By ‘t simmer farden wy gau ris mei ús âld skou mei in syl der op, de Riid oer nei de Sierdswiel en Greate Wiel. Der wiene noch twa minsken út ‘e fabriekshúzen dy’t ek in sylboat hiene; Lytse Jabik (tsiismakker) hie in ‘Akkrumer Jol’ en de boekhâlder (fan it Bûterfabryk) in greate BM-er. Yn dy tiid wie der in protte groei fan pompeblêden yn de undjippe plakken fan it farwetter yn de Riid; mei de sylboat waard der dan trochhinne fearn en ien man hâld dan in seine bûtenboard om de pompeblêden ôf to sneien; dat holp fansels net foar langere tiid, mar dochs!

Der wiene yn Gytsjerk noch trije turfskippers mei in skûtsje. Wy binne nei de oarloch, begjin 50er jieren foar it earst op fekânsje nei Earnewâld west. Trije húshaldings gongen mei it skûtsje fan turfskipper Aldert van der Laan nei Earnewâld. Earst moast it skip (it rûm) skjinmakke wurde fansels, de turfresten der út en der waarden trije privéromten makke troch syldoeken oerdwers yn it rom fan it skip te spannen! Op’e boaium fan it skip in dikke laach strie en striebalen. De opdrukker (in lyts motorboatsje) soarge der foar dat it hiele spul to plak kaam yn Earnewâld!

Earne oan ‘e Súdeastkant fan Earnewâld waard in gaadlik lizplak fûn oan in polderdyk, net sa fier fan in boerespul ôf. Ik wit noch skoan dat we de earste nacht swier ûnwaar krigen en ús mem tige benaud wie dêr op ‘e romte! Foar it earst krigen we lekkere sûpe en foarske molke fan ‘e boer in eintsje fiederop it lân yn. De froulju oan board makken it waarm iten klear op trije grutte piteroaljestellen. De tiid waard besteege mei angelfiskjen fan ôf de moundyk en it skip. Wy koene der ek moai swimme fansels. Wat ha wy ús der fermakke; it wie in moaie wike!

No werom nei de Riid yn Gytsjerk mei myn ferhaal; de útskoat fan de eardere spinnekopmoune wie sa goed as tichtgroeid mei segaren (lisdodde) en oare wetterplanten. Mei help fan it rayonhaad fan it Fryske Gea hat de Provinsje it stikje oan ‘e kant fan ‘e Riid wer wat iepen makke, doe’t yn augustus 2020 it soal (de faargeul) utdjippe waard foar de wettersport. Sa bliuwt dochs noch in oantinken bewarre fan ‘e ôfbrutsen spinnekopmoune as kultureel erfguod. Der binne yn it doarp noch in pear oantinkens fan de âld moune bewarre bleaun, yn de foarm fan âlde houten mounerêden.

Us heit wy ek in echte natoerman en koe goed aaisykje en mocht tige graach fiskje fansels; yn syn tiid hie hy in ‘grutte fiskakte’, hy mocht ek mei in net en twa fûken fiskje. Hy hie syn skou by de âlde moune to lizzen. Hy skarrele ek yn protte yn it Bouwepet gebied om; de wetterstân wie yn dy tiid ek folle heger; der wie noch in grutte reidpoel en sompich lân der omhinne! Us heit hat der ris yn ‘e sleat in snoek fongen mei in strop, dat wie in koperen tried oan in stôk fêst makke, wer jo in fisk mei fange koenen. De snoek lei hiel stil ‘op ‘e loer’ yn de sleat mei helder wetter; foarsichtich de strop foar de bek fan de snoek lizze en dan taslaan! Raak! Doe’t hy de snoek thús tamakke die blyken dat er in jonge skries yn ‘e mage hie!

Sels haw ik yn dat gebied fan ‘e Bouwepet (in âld feanstreamke fan Feanwâlden nei de Riid ta) noch wolris it trijeblêd (waterdrieblad) fûn; in prachtige wetterplant mei moaie wyte blomkes dy’t wol wat ha fan edelweiss. Spytich genôch komme dizze planten der ek net mear foar, lykas de djirreblommen (dotterbloemen), fanwege it lege wetterpeil, tink ik.

Oant sa fier myn moaie oantinken út ús jongesjieren!

Jaap van der Wal
Gytsjerk

Pictogram

Wil je de Friese natuur een handje helpen?

Doe een donatie
It Fryske Gea maakt gebruik van functionele en analytische cookies om jouw ervaring op onze website te verbeteren. Door akkoord te gaan met de tracking cookies kunnen wij jou gerichte berichten over de natuur en onze activiteiten op social media en via derde partijen tonen. Lees meer over cookies