Geart Bos oer bûtenmuseum It Eilân
It wie mids maaie dat Anton Huitema by my kaam mei in ‘oanklaaide’ fraach, hy gie krekt net by Dokkum om. “Geart, Stefien hat my frege om mei te tinken oer de ynrjochting fan in Bûtenmuseum mei in útstalling fan foto’s oer de ûnderdûkers tiid fan Roelof Horreüs de Haas op It Eilân west by Goaïngahuzen. Ik ha tsjin Stefien sein dat wy hjir yn Earnewâld in kreative frijwilliger ha dy’t der mooglik wol idee by hat om hjir oer mei te tinken.” Dat wiene Anton syn wurden en ik wie dus dy kreätiveling.
De skiednis
No wist ik doe noch net wa’t Roelof Horreüs de Haas wie, mar it tafal wie wol dat myn ynteresse û.o. út giet nei wat him yn de 2e wrâldoarloch yn Fryslân ôfspile hat. Yn myn wenplak ha ik b.g. 18 jier lang de deadebetinking fersoarge. Mar ek de skiednis fan wat him yn de Alde Feanen ôfspile hat hat myn ynteresse. Dat hat dan wer te krijen mei it feit dat ik de heit fan freonen fan ús en âld ynwenner fan Skearnegoutum, Sierd Visserman goed kennen ha. Hy wie ien fan de skippers dy’t it yn de oarloch ferpoften syn skip ta beskikking fan de Dútsers te stellen en hat dat doe yn de âlde Headamsfeart sinke litten. Hy is dêr foar oppakt, tamtearre troch de fijân en yn de Blokhúspoarte finzen set wêr’t er mei de oerfal op 8 des. 1944 dêr út befrijd waard.
Tige goed slagge
Dat wie it dus dat ik der nocht oan krige my hjir foar yn te setten en de útdaging oangie om de ynrjochting fan it bûtenmuseum mei Stefien út te wurkjen en úteinlik yn te rjochtsjen. Ik krige de frije hân en nei ‘t ik ynsjoch krigen hie yn de beskikbere finânsjes en wat de bedoeling krekt wie bin ik oan it tekenjen en it útwurkjen fan de ideeën gien. Nei goedkarring fan ien en oar ha ik it materiaal besteld en bin ik oan ‘e slach gien yn de Houtpylk mei de tarieding. No wie en is it net samar in foto útstalling fansels, it moast nochal grut sa wie de bedoeling, it formaat fan de grutste foto’s wie 2 by 1.35 meter en de oaren 118 by 80 sm. De 8 grutten kamen op izeren ramten en de lytsere op houten panielen.
Omdat ien en oar op de iepen flakte fan de súdlike punt fan It Eilân west kaam te stean, yn waar en (hurde) wyn betochten we dat dy op gaasdoek komme moasten, befêstige mei ilestiken oan it frame wat de grûn yn kaam en krekt ûnder de seade ferankere mei stipe planken tsjin omwaaien. In sukses, sa die efterôf bliken. De lytsere ha ik in houten lessener konstruksje foar betocht dy’t ek de grûn yn gie en ferankere waard. Omdat alles yn koarte tiid klear moast en alles ek oer it wetter der hinne moast ha ik ien en oar yn ‘e wurkpleats ree makke foar pleatsing. Mids juny binne we, d.w.s. Ymte, Hille, Jenne en ik sei de gek, mei in wurkboat fol guod nei it eilân fearn en wylst it sawat de hiele tiid reint hat ha we de stielen ramten pleatst, ik hie in mal makke foar de te boarjen gatten yn ‘e grûn en mei fleur en faasje en it swit op ‘e rêch ûnder de reinpakken ha we it spul pleatst.
It gie by it earste gat sawat al mis doe’t de motorboar fêstrûn yn it gat, de boarmasters wiene wat te entûsjast!
Nei ‘t de boar nei in protte leien wer boppe de grûn wie gie it lykwols as in spear en, moai op tiid, wiet mar foldien koenen we wer rjochting Earnewâld. De panielen moasten noch wachtsje en ek it ophingje fan de doeken koe net omt ien en oar noch net klear wie by de printer. Omdat ik begjin july mei fakânsje gie koe ik it projekt net mei ôfmeitsje, de moandeis frijwilligers ha de trespaplaten mei de foto’s op de panielen plakt en de woansdeis ploech ha in pear dagen foar de iepening fan de útstalling de panielen pleatst en doeken yn de ramten spand yn gearwurking mei Stefien en ien fan de kollega’s fan Earnewâld, André de Haan.
Al ridlik gau krige ik op ús fakânsje adres in epke dat it allegearre tige goed slagge wie, en ek mei de iepening rûgelen de kompleminten yn de rjochting fan ús frijwilligersploech. En dat joech my wylst we yn de Achterhoek sieten en goed gefoel. Yn de fakânsje ha ik ek it boek oer it libben fan Roelof Horreüs de Haas en it boek ‘Onderduiker in het hart van Friesland’ lêzen en dat makke alles foar my noch folle nijsgjirriger. Fassinearjend wat him dêr yn de jierren 40 – 45 ôfspile hat.
Skjinmeitsje
Mei de woansdeisploech bin ik der begjin septimber nochris west foar it meanen fan de kuierrûte en it skjinmeitsjen fan de panielen, wat kinne dy fûgels dêr almachtich skite! En tagelyk kamen we doe noch, krekt boppe de grûn yn ‘e polderdyk, in restant fan in saneamd ‘zakbaak’ tsjin wat we nei lang moardzjen troch gebrek oan goed ark dochs fuortkrigen ha. De meanmasine hie dêrtroch skea op rûn en dat moast net wer fansels. In positive bykomstichheid is dat we lokkich net folle lêst hân ha fan de beheiningen oangeande de koroana. Omdat we meastal bûten binne of allinnich wurkje, sa as yn myn gefal, koe ús moaie wurk meastal wol troch gean.
Ferhalen beharkje
Jorrit Brenninkmejier fan ‘Het fotogenieke geluid’ út Amsterdam hat in audiotoer makke by de útstalling fan de foto’s mei dêryn opnommen de ferhalen fan Hans de Haas, de soan fan. En sa’t jimme lêze kinne op de website fan It Fryske Gea, kinne jim online of, wylst jim by de foto’s lâns rinne, middels de app dy ferhalen beharkje. Sels ha ik dat ek dien mei frou en bern en it is de muoite wurdich, dêr wiene wy it oer iens. Op it stuit kinne je der rinnende komme fanôf de pleats Heachhiem, Peansterdyk 18, Goaiïngahuzen. Oer it slúske by de mûne leit in brêge. Wol learzens oan dwaan mei wiet waar. It is mien ik it doel om ein jannewaris ien en oar fan it eilân te heljen, yn elts gefal is alles foar it briedseizoen opromme.
Al mei al wie dit projekt dochs wol in stik bûter yn ‘e brij oangeande it frijwilligerswurk by it Gea en ha ik mei in protte nocht oan dit projekt meiwurke, it smakket nei mear.
Geart Bos
Breng een bezoek
Heb jij het buitenmuseum op ‘t Eilân al bezocht? Dit kan nog enkele weken! Deze tentoonstelling loopt namelijk op zijn einde, maar een bezoek is zeker de moeite waard. En het mooie is dat het buitenmuseum nu ook te bereiken is over het land! Doordat de twee sluizen rondom ‘t Eilân dicht zijn, kun je te voet de oversteek maken. Er ontstaan daardoor verschillende wandelroutes.